Letitia de Jong sechde yn lêste race EK Collalbo

13 jan 2019 - 14:55

Reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden is sneintemiddei sechde wurden op de 1000 meter yn Collalbo. Dêr wurdt dit wykein it EK sprint holden. Mei it sechde plak kaam De Jong ek yn it einklassemint út op it sechde plak.

Letitia de Jong (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Vanessa Herzog ferovere by it EK yn Collalbo de Europeeske titel. De reedrydster út Eastenryk ried op de ôfslutende 1000 meter de tredde tiid mei 1.15.89. Dat wie rom foldwaande foar de einoerwinning yn it klassemint nei fjouwer ôfstannen.

Oare medaljes

EK-sulver wie der foar Daria Katsjanova út Ruslân; it brûns yn it einklassemint gie nei har lângenoate Olga Fatkoelina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)