Theo Pijper sil speedwaye yn Denemarken

13 jan 2019 - 14:42

Theo Pijper sil dit jier speedwaye foar de Esbjerg Vikings út Denemarken. De 38-jierrige Fries, mei in soad ûnderfining yn de sport, wurdt C-koereur foar it team. It ôfrûne jier ried Pijper foar de Britske Redcar Bears.

Foto: Bert Swarts

De Vikings hawwe foar Pijper keazen foar syn stabiliteit en ûnderfining. Pijper is al sûnt 2002 aktyf as profesjoneel speedwayracer yn Ingelân en Skotlân, dêrneist is hy yn 2004 en 2006 Europeesk kampioen op 'e gersbaan wurden.

Nije útdaging

Pijper sjocht út nei de nije útdaging. "Ik haw net in soad yn Denemarken riden en sjoch út nei it riden foar de Esbjerg Vikings. Ik hear goeie dingen oer de klup en ik hoopje dat wy as team in suksesfol seizoen hawwe sille yn 2019."

(Advertinsje)
(Advertinsje)