Sven Kramer wint de 1500 meter en liedt it klassemint

Sven Kramer hat snein de 1500 meter yn Collalbo en liedt it klassemint. Yn in streekrjocht duel mei Patrick Roest wie de Fries de rapste mei in tiid fan 1.45.91.
© ANP
Kramer wie dus ek rapper as de Noar Sverre Lunde Pedersen. Hjirmei giet Kramer as nûmer 1 nei de 10 kilometer. Douwe de Vries ride nei it achtste plak yn in tiid fan 1.50.21.
Nei ôfrin sei Kramer tsjin de NOS dat it riden hieltyd better giet. "Fansels wol ik hjir graach Europeesk kampioen wurde, mar ik bin bliid mei hoe't it dit wykein giet. Ik bin bliid dat ik dit nivo ha."
En de tsien kilometer? "We sille sjen op de tsien."
Folgje alles oer it reedriden yn it Italiaanske Collalbo en it EK shorttrack yn Dordrecht op ús liveblog dat we ek snein wer meitsje.