Brouwer fuort by Flevo Boys

08 nov 2011 - 21:37
Foto: Omroep Flevoland

Willem Brouwer fan Drachten hâldt op as haadtrainer fan Flevo Boys yn Emmeloord. Brouwer hat fjouwer jier foar de klup aktyf west. Hy fynt it tiid foar in nije útdaging. Mocht dy op koarte termyn net komme, dan docht er it earst in jier rêstich oan.

Brouwer makket it seizoen noch ôf by Flevo Boys, dan rint syn kontrakt ek ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)