Hertferwaarmjende reaksjes foar Kanadeeske reedrider dy't ûnderdak siket

Reedrider Laurent Dubreuil fan Kanada is de minsken yn Fryslân tige tankber. Fia Facebook die hy in oprop foar ûnderdak as hy meidocht oan it WK sprint yn febrewaris yn Thialf.
© Facebook Laurent Dubreuil
It Kanadeeske reedrydbûn hat net genôch jild om in hotel te beteljen. En dus moast er sels op syk nei in plakje.
In oprop op Facebook smiet binnen in pear oeren tiid tritich oanbiedingen op fan minsken op It Hearrenfean dy't him wol foar tsien dagen yn 'e hûs nimme wolle.
Hy is ûnder de yndruk fan de hertferwaarmjende reaksjes fan elkenien. Hy sjocht no noch mear út nei syn dielname oan it toernoai en wol elkenien betankje foar de stipe.