Is de kontenerramp in ekologyske ramp?

13 jan 2019 - 12:59

By har besite oan Skylge ferline wike sei minister Van Nieuwenhuizen dat de kontenerramp "een ecologische ramp zou kunnen worden." Hoe sjogge Tjisse van der Heide en Lutz Jacobi der nei? Wittenskipper Van der Heide docht ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan de kontenerramp op de Waadsee. Lutz Jacobi is direkteur fan de Waadferiening.

Foto: Bartele Boersma

Kin de kontenerramp in ekologyske ramp neamd wurde?

Neffens Lutz Jacobi kin no al wol fan in ramp sprutsen wurde. "We hawwe it hjir wol oer Wrâlderfgoed. It leit net allinne op de strannen, mar ek yn de dunen. Ik seach de miuwen al yn it plestik omhappen. Der binne ek acht deade seehûnen fûn, mar dêrfan moat noch ûndersocht wurde oft dat te krijen hat mei dizze ramp."

Oft der sprake is fan in ekologyske ramp kin Tjisse van der Heide noch net echt sizze. "We moatte de lange termyn ôfwachtsje. No lizze de strannen en kustlinen fol mei it saneamde HDPE-plestik, dat is lyts plestik. As dat yn it systeem komt, kin dat grutte gefolgen ha. Ik bin wol skrokken dat it op sa'n grutte skaal is."

It folsleine petear mei Lutz Jacobi en Tjisse van der Heide

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Wat is nedich?

Lutz Jacobi: "Der is in strukturele oanpak nedich. Der moat in rampeplan komme, dat hat de minister ek tasein. Der wurdt al lang praat oer it belang fan in behearautoriteit foar it Waad. Ien moat dêr ferantwurdlikheid foar nimme, it wurdt no net koördinearre."

Ek Tjisse van der Heide ûnderskriuwt dat der gjin koördinaasje is. "Je moatte in oersjoch krije fan hoe slim oft it is, hoe grut en hoe't je it opromje kinne. Nei in mjitting op Skier is útrekkene dat der al fjouwer miljoen lytse plestikdieltsjes lizze. En der kin letter noch folle mear by komme."

"De gemeente hat flink trochpakt mei it oprêden. Dat grutte spul is wol op te rêden mar mei dat lytse spul is dat dreech. Kinst minsken net mei in pinset de dunen ynstjoere. De útfierder skrok fan hoefolle plestik oft der lei en wist net hoe't er dat ha moast.

No is it wiet waar, mar as it aans drûch wurdt dan stowe de kerrels ûnder it sân en komme se letter wer ris boppe. Elke floed set wer guod ôf. Je moatte alle dagen opromje om it by te hâlden. "

Foto: De Vries Media

Wurdt it plestik wei?

"De kerrels mjitte no fjouwer milimeter, dat ite fisken en fûgels" leit Tjisse van der Heide út. "Mar der groeie aansens ek baktearjes op en algen. Dat smakket nei iten en oan it plestik dat se binnenkrije, kinne se deagean. It plestik fergiet net, mar falt út elkoar yn noch lytsere stikjes, nanoplestik, en dat ite dan ek wer de lytsere bisten lykas plankton en moksels."

Ek it fee dat op de kwelders stiet, hat der mei te krijen, want dêr komt it plestik ek telâne. Dat waait oer de dyk hinne. "We hâlde hjir noch tsientallen jierren lêst fan. Dat hat wol gefolgen, want it bliuwt permanint yn it systeem omdat it dus net ôfbrekt."

Foto: Omrop Fryslan

Wat moat de polityk dwaan?

Neffens Jacobi ha tal fan partijen ha Keamerfragen te lizzen oer de kontenerramp. "Der moat in rampeplan moat komme. En der moat in oanpak komme foar de noardlike farrûte, der moat goed sjoen wurde nei wat ferantwurde yn it Waadgebiet. En der moatte chips op de konteners komme.

Se wol noch in stap fierder gean. "Sjoch ris nei watfoar shit der allegear yn de konteners sit oan Ikea en Xenosguod. We ha it hielendal net nedich, we moatte soks net mear keapje!" "We dogge der allegear oan mei", follet Van der Heide oan. Der moat mear bewustwurding komme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)