Liveblog | 13 jannewaris 2019

LIVEBLOG: Shorttrack, allround en sprint yn trije EK's (dei 2)

Folgje alles oer it riden hjir: EK shortrack yn Dordrecht, EK allround en sprint yn Collalbo. Hoe dogge de Friezen it?
Lêst bywurke: 17 jannewaris 2019, 14:55
17:46

It EK shorttrack yn Dordrecht sit derop

Dit wie it dan! It Europeesk kampioenskip shorttrack yn Dordrecht is oan de ein kaam. It wie foar de Friezen in moai toernoai. Suzanne Schulting pakte de Europeeske titel op de 1500 meter en de allroundtitel. Dêrnjonken wûn se mei de froulju, mei dêrby ek Rianne de Vries, goud op de relay. De manljusploech bestie folslein út Friezen. Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann einigen as twadde en pakke dus de sulveren medalje. Tige tank foar it folgjen!
17:44
De Nederlânske relayfroulju binne Europeesk kampioen © Orange Pictures
17:41

SULVER FOAR NEDERLÂN

SULVER! De Nederlânske manlju wurde twadde op de relay. By de lêste triuw fan Daan Breeuwsma op Itzhak de Laat komme de Hongaren binnentroch. Al mei al in knap resultaat foar Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann. Se misse harren ôfmakker Sjinkie Knegt, mar pakke wol in sulveren medalje op it EK!
17:33

Dogge de manlju it ek?

We geane yn Dordrecht fuortendaliks troch mei de relayfinale fan de manlju. De Nederlanners ride mei in folslein Fryske ploech: Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Jasper Brunsmann en Dennis Visser. Se sille #voorSjinkie in gouden medalje helje wolle.
17:30

Nederlân foar sechsde kear relaykampioen

De Nederlânske froulju meitsje in eareronde oer it iis yn Dordrecht. Se binne foar de sechsde kear Europeesk kampioen wurden. Ek Tineke den Dulk krijt aansen in medalje omhongen. De Ljouwerter shorttrackster wie reserve yn de finale, mar trochdat se yn de kwartfinale wol ried, mei se ek mei it poadium op.
17:28

WER GOUD!

GOUD FOAR NEDERLÂN! Se rêde it op! Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven ride de hiele race oan kop en mei in grutte foarsprong komt Schulting oer de finish. Wat in dei!