Natuer rint in moanne foar: pôlen komme der oan

13 jan 2019 - 09:50

It is winter, mar minsken dy't lêst fan heakoarts ha, kinne har no al tariede op de komst fan pôlen, benammen dy fan elzebeammen.

Foto: ANP

Troch it mylde waar yn desimber en de earste wike fan jannewaris leit de natuer in moanne foar. Dat skriuwt de NOS. Der binne no al bloeiende hazzenútstrûken, snieklokjes, bûtergieltsjes (speenkruid) en elzen dus.

Mei de krystdagen wienen al elzepôlen yn de loft. It Leids Universitair Medisch Centrum meat doe in konsintraasje fan 282 elzepôlen de kubike meter. Dat is folle heger as gewoanwei. Kommende wike wurdt ek wer in pyk ferwachte.

Ek de katsjes bloeie hast en kinne derfoar soargje dat der mear pôlen komme.

Trefwurden: 
waar natuer heakoarts
(Advertinsje)
(Advertinsje)