Kulturele Haadstêd Plovdiv 2019 pleitet foar 'mei-inoar' yn ferdielde stêd

Yn Bulgarije is de stêd Plovdiv it Kulturele Haadstêdjier sneontejûn begûn mei in spektakulêre show op in poadium fan fiif etaazjes dêr't mei-inoar sa'n tûzen muzikanten, sjongers en dûnsers oan meidiene. De iepening waard bywenne troch in delegaasje fan de foarige Kulturele Haadstêd Ljouwert ûnder lieding fan wethâlder Sjoerd Feitsma.
Kulturele Haadstêd Plovdiv Iepening 1
Feitsma fûn de offisjele iepening "prachtich om te sjen", al koe er fanwege de taal lang net alles neikomme. "Mar it plein stie fol en de minsken binne grutsk en bliid. Dat is hiel moai om te sjen." De show einige, oars as yn Ljouwert, mei in grut fjoerwurk, wêrnei't noch in optreden fan in Dútske dj folge.
Wethâlder Sjoerd Feitsma wie by de iepening
De iepening sels waard live útstjoerd op de Bulgaarske telefyzje en begûn mei in pear taspraken fan Bulgaarske politisy. "Dat moatte je fansels net dwaan as de minsken al in pear oeren steane te wachtsjen yn de kjeld, mar dat sil in kwestje fan kultuerferskil wêze."
Kulturele Haadstêd Plovdiv Iepening 2

Mei-inoar

It sintrale tema fan Plovdiv 2019 is 'Zajedno', dat safolle betsjut as 'Mei-inoar' of 'Together'.
Plovdiv is fanâlds in tige multykulturele stêd dêr't njonken Bulgaren ek in soad Roma, Turken, Armeniërs, Joaden en Oekraïners wenje. De Kulturele Haadstêd wol al dy ferskillende groepen en de bern foarop útdaagje om yn de kunde te kommen mei kultuer en dêr ek mei oan de slach te gean.
It logo fan Plovdiv yn it sintrum fan de stêd © Omrop Fryslân

Spanningen

De iepening fûn lykwols plak yn in wike mei oprinnende spanningen tusken Bulgaren en Roma. De Bulgaarske minister fan Definsje, Krasimir Karakachonov, die de ôfrûne wike tige ûnfreonlike útspraken oer Roma nei oanlieding fan in fjochtpartij tusken in Bulgaarske militêr en twa jonge Roma yn in doarp flakby Plovdiv.
De Bulgaarske maatskippij kin de 'arrogante Roma net langer ferdrage' neffens de minister. Hy wol dêrom it 'Roma-probleem oanpakke', ûnder oare troch útkearingen oan Roma te ferleegjen. De Roma binne lulk oer de útspraken en easkje dat de minister opstapt.
Boargemaster Ivan Totev fan Plovdiv naam sneon fuortendaliks ôfstân fan de útspraken fan Karakachonov, dy't er 'ûnferantwurdlik' neamde.
Folkloaregroepen út de regio presintearje har yn Kulturele Haadstêd Plovdiv 2019 © Omrop Fryslân

Roma

By de offisjele iepening fan Kulturele Haadstêd Plovdiv 2019 wie in soad plysje oanwêzich, mar it kaam net ta ûngeregeldheden. Nei alle gedachten hawwe in soad Roma derfan ôfsjoen om de iepening by te wenjen.
Yn Plovdiv heart mear as tsien persint fan de ynwenners by de Roma. Sy wenje foar it grutste part yn eigen earmoedige wiken en hawwe mar hiel beheind kontakt mei Bulgaren.
De organisaasje fan Kulturele Haadstêd Plovdiv 2019 wol dat graach feroarje, al is noch net elkenien dúdlik hoe't dat krekt barre sil. De Roma fiere no moandei it Romani nijjier yn de wyk Stolipinovo. Boargemaster Totev en ek in delegaasje fan Plovdiv 2019 sille dat feest bywenje.
zajedno oftewol mei-inoar is de sintrale slogan fan Kulturele Haadstêd 2019 © Omrop Fryslân