Fytser rekket swier ferwûne by ûngelok yn Droegeham

In fytser is sneintemoarn betiid swier ferwûne rekke by in ûngelok yn Droegeham. De jonge fan 18 jier út Koatstertille waad skept troch in automobilist.
© Srfotografie
Hy fytste mei noch in oar op it Hamsterpein. Foar safier't no bekend is, fytsten se net op it fytspaad, mar op de dyk.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De bestjoerder fan de auto is troch de plysje foar ferhoar meinommen. De tadracht fan it ûngelok wurdt ûndersocht.
© Srfotografie