Man fernielt alve ruten fan Ljouwerter kafee

13 jan 2019 - 07:57

In 37-jierrige Ljouwerter hat sneontenacht alve ruten fan in kafee oan de Gaspeldoornstraat yn de stêd fernield nei't de útbater him derút set hie. De útbater woe gjin oanjefte dwaan, de Ljouwerter is nei hûs stjoerd.

Foto: Omrop Fryslân

Yn in kafee oan it Ruiterskwartier waard in frou (21) út de gemeente Noardeast-Fryslân net goed. Yn in ambulânse is se nei it MCL brocht.

In 22-jierrige ynwenner fan de gemeente Waadhoeke waard tsjin healwei fiven út in kafee set op it Ruiterskwartier nei fjochterij. Hy mei in jier it kafee net mear yn.

ID-fraude

Trije minderjierrigen binne sneontenacht betrape op ID-fraude. Mei de kaart fan in oar besochten se hoarekagelegenheden yn te kommen. De plysje warskôget dat ID-fraude hiel min stiet op de takomstige CV.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)