Auto bedarret efter stek op seedyk by Eanjum

12 jan 2019 - 22:39

Op in lytse dyk njonken de N361 by Eanjum is sneontejûn in auto fan de wei rekke. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. Wol stie de auto nei it ûngelok oan de oare kant fan in stek, op 'e seedyk.

Foto: De Vries Media

Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de bestjoerder kontrolearre. Hy soe net slim ferwûne rekke wêze.

Trefwurden: 
ûngelok Eanjum
(advertinsje)