Basketballers Aris ferlieze nei comeback yn Den Helder

12 jan 2019 - 22:07

De basketballers fan Aris moasten sneontejûn yn Den Helder belies jaan tsjin de Den Helder Suns. De wedstriid om it sechde plak yn de kompetysje gie foar de ploech fan coach Tony Van Den Bosch mei 76-66 ferlern.

Foto: Twitter @Aris_Leeuwarden

Nei it earste kwart stiene de Ljouwerters mei 15-11 achter. Yn in produktyf twadde part fan de wedstriid skoarden beide ploegen aardich wat punten. Aris en Den Helder giene mei 43-33 it skoft yn.

Aris werom

Nei de ûnderbrekking kaam Aris hast folslein werom. De efterstân waard mei 52-50 sawat goedmakke. Yn it fjirde part rûnen de Den Helder Suns lykwols wer út. De thúsploech pakte dêrnei mei 76-66 de winst.

Woansdeitejûn stiet de folgjende wedstriid fan de Ljouwerters op it programma. Dan nimme se it op tsjin en yn Leiden.

Trefwurden: 
Den Helder Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)