Koade giel: KNMI warskôget snein foar swiere wynstjitten

Minsken dy't snein yn Fryslân op 'en paad binne, moatte middeis en jûns rekken hâlde mei swiere wynstjitten. It KNMI, it Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut, hat foar de provinsje en it Waadgebiet nammentlik koade giel ôfjûn.
Hurde wyn © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It waarynstitút warskôget foar buien mei dêryn swiere wynstjitten út noardwestlike rjochting. De wynstjitten kinne yn it Waadgebiet sels oprinne oant 90 kilometer yn it oere. De warskôging fan it KNMI jildt fan sneintemiddei trije oere ôf oant sneintejûn om tsien oere.