KPN Marathon Cup 10: Bart Swings en Irene Schouten winne op It Hearrenfean

12 jan 2019 - 21:48

De Belch Bart Swings hat sneontejûn de tsiende wedstriid om de KPN Marathon wûn. Swings, dy't olympysk brûns wûn op 'e massastart, makke inkelde rûntsjes foar de ein ekstra faazje en koe net mear ynhelle wurde. Sjoerd den Hertog einige op it twadde plak, foar Peter Michael út Nij-Seelân.

Foto: Timsimaging.nl

Crispijn Ariëns fan Wolvegea, dy't op it twadde plak yn it klassemint stiet, einige net by de boppeste plakken op It Hearrenfean.

Winst foar Schouten

By de froulju wûn Irene Schouten de tsiende KPN Marathon Cup op It Hearrenfean. Sy einige foar Imke Vormeer en thúsrydster Manon Kamminga, dy't tredde waard. Aggie Walsma fan Boalsert einige op it fiifde plak.

(advertinsje)