Nederlaach foar Snitser follybalfroulju yn Sliedrecht
De follybalsters fan VC Snits binne sneontejûn yn Sliedrecht tsjin in nederlaach oanrûn. Tsjin de froulju Sliedrecht Sport waard it úteinlik 3-1 yn sets. De tuskenstannen wiene 29-31, 25-16, 25-18 en 25-17.
De gasten út Snits pakten noch wol de tige spannende earste set fan Sliedrecht ôf. Dêrnei wûnen de gastfroulju relatyf ienfâldich de twadde en de tredde set. Yn de lêste set wie VC Snits net yn steat noch wat werom te dwaan.
Takom wike sneon spilet VC Snits thús tsjin de Flamingo's út Gennep.