Balk hat lêst fan parkearre auto's foar brânwachtkazerne

De brânwacht fan Balk kin somtiden de kazerne net goed útkomme, om't der auto's ferkeard parkearre steane. Op 'e stoepe foar de kazerne stiet in giele streek. Dat betsjut dat it ferbean is dêr stil te stean. Dochs sette besikers fan de hús- en bistedokter, dy't oan beide siden fan de kazerne praktyk hâlde, de auto's der gauris efkes stil.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach yn Balk
De dyk foar de kazerne is net hiel breed. It is dreech foar de brânwachtauto om by need de strjitte op te draaien. Dat wurdt noch lestiger as de boat meinommen wurde moat.

Probleem op meardere plakken

Willem Kampen fan de brânwacht yn Balk: "Minsken hawwe miskien net goed foar eagen hoe grut in brânwachtauto wêze kin." It probleem docht him foar op mear plakken yn de provinsje, sa seit wurdfierder Nick Kits fan de brânwacht Fryslân. "Je ziet bij meerdere kazernes dat mensen daar zonder bij na te denken een auto plaatsen. In geval van nood, als iedere seconde telt, is dat niet handig."

Bumperke meipakke

By need hat de eigener fan de parkearre auto pech, sa seit Willem Kampen. "Wy hawwe goeie sjauffeurs en dy kinne goed stjoere. Mar as de need heech is, dan kin it best wêze dat wy in bumperke meipakke."
Nick Kits, wurdfierder fan de brânwacht Fryslân