Breeuwsma en De Laat net tefreden oer yndividuele optredens

12 jan 2019 - 21:06

De Nederlânske manlju, mei Daan Breeuwsma fan Akkrum en Itzhak de Laat fan Aldskoat, hawwe harren sneon pleatst foar de finale fan de ploege-efterfolging, dy't snein riden wurdt. De manlju gongen sûnder problemen troch. Oer de yndividuele prestaasjes wie Breeuwsma wat minder tefreden. "It hat my noch net brocht wat ik graach woe", sa fertelle er nei ôfrin.

Daan Breeuwsma

It wie in swiere rit, neffens Daan Breeuwsma. Hy doelt dan op de heale finale fan de 1500 meter. Breeuwsma mocht úteinlik meidwaan oan de B-finale, dêryn pakte er it twadde plak. De 500 meter ferrûn net hielendal sa't Breeuwsma tocht hie. "It is dom dat wy elkoar de baan útrieden", oer de botsing tusken de twa Friezen.

Itzhak de Laat

Itzhak de Laat gie ûnderút yn de heale finale en neffens de sjuery makke hy in flater. Dêrfoar krige hy straf. "Het was gewoon heel erg stom. Voor mijn gevoel kon het wel, maar blijkbaar niet. Het was een stom foutje en dat wordt keihard afgestraft."

(Advertinsje)
(Advertinsje)