Bobsliders tolfde by wrâldbekerwedstriid Königssee, tsiende op EK
Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean en Ivo de Bruin hawwe sneon by de fjirde wrâldbekerwedstriid bobslydzjen yn it Dútske Königssee in tolfde posysje behelle. It twatal siet 1,15 sekonde efter de winners, Francesco Friedrich en Martin Grothkopp, út Dútslân.
De wrâldbekerwedstriid tsjinne ek as Europeesk kampioenskip foar de twamansbob. De tiid fan 1.40.16 fan Veenker en De Bruin wie dêrmei goed foar it tsiende plak op it EK.