'Fryske' efterfolgingsploegen berikke finale op EK shorttrack

12 jan 2019 - 19:33

De Nederlânske manlju en froulju hawwe harren sneon pleatst foar de finale fan de ploege-efterfolging, dy't snein riden wurdt. Beiden giene maklik troch.

Daan Breeuwsma triuwt Itzhak de Laat by de relay - Foto: Orange Pictures

De manlju rieden mei Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann yn in folslein Fryske ploech. Sy fochten benammen mei Hongarije om it earste plak. Dêryn kaam Nederlân krekt tekoart. Hiel slim wie dat net, om't de nûmer twa fan de heale finale ek troch gie nei de finale.

By de froulju rieden twa Friezinnen mei: Suzanne Schulting en Rianne de Vries. Tineke den Dulk, dy't freed yn de kwartfinale noch ride mocht, wie sneon reserve. Nederlân hie net in soad lêst fan Tsjechië en Dútslân, troch in fal. Dêrtroch moasten se mei Frankryk stride om it earste plak yn de heale finale en dat waard in suksesfolle striid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)