Suzanne Schulting: "Ik maakte ontzettend makkelijk snelheid"

12 jan 2019 - 18:38

"Winnen in eigen land op zo'n mooie manier is toch wel geweldig." Dat sei shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje sneontemiddei op it Europeesk kampioen shorttrack. Schulting wûn har earste Europeeske titel op de 1500 meter, mar moast dêrnei op de 500 meter belies jaan. Troch in fal yn de ien-nei-lêste ronde einige de Friezinne dêr as fjirde.

"Ik was uiteraard wel wat zenuwachtig, maar het voelde wel heel erg goed", sei Schulting. "Ik voelde aan de halve finale dat ik ontzettend makkelijk snelheid maakte. Je ziet het ook aan de rondetijden. Ik heb een hele goede versnelling in de benen. Dat is een heel lekker gevoel."

"Niet de handigste keuze"

Yn de finale fan de 500 meter yn Dordrecht gie it mis foar de 21-jierrige Friezinne. "Er was een struikelgevalletje. Ik koos ervoor om binnendoor te gaan. Dat was niet de handigste keuze. Ik had eigenlijk buitenom moeten gaan. Dat is misschien race-ervaring die ik mis op de 500 meter."

Dochs makket se har net bot soargen oer it ferfolch fan it toernoai. "Het gaat hier allemaal om punten, het gaat hier om morgen. Wie er morgen bovenaan staat."

Foto: ANP
(advertinsje)