Jurre 495 foar tredde jier op rige winner jierlikse hynstekeuring

12 jan 2019 - 17:45

It hynder Jurre 495 is sneon foar it tredde jier op rige algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC-Expo. De reservekampioen is it hynder Marcus wurden.

It hynder waard de ôfrûne trije jier 'kampioen stamboekhynst' by de jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging 'Het Friesch Paarden-Stamboek'. Jelmer Chardon fan Jorwert is eigener fan Jurre 495.

"Net te leauwen"

"Dit is net te leauwen, wat dit hynder foar ús betsjut", sei in grutste Jelmer Chardon. "It wie no echt spannend. De oare hynders wiene ek hiel goed! Dat seit miskien noch wol mear oer de kwaliteit fan dit hynder."

(advertinsje)