Schulting fjirde nei fal yn finale 500 meter yn Dordrecht

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje is sneontemiddei fallen yn de finale fan de 500 meter fan it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Dordrecht. Schulting waard wol as fjirde klassearre. Earder op de dei pakte de 21-jierrige Friezinne noch goud op de 1500 meter.
Suzanne Schulting © www.orange-pictures.nl
Op de koartste ôfstân siet der mear yn foar Schulting. Mei noch ien rûntsje te gean, gie se ûnderút yn de finale. Schulting ried op dat stuit op it tredde plak. Om't har konkurrintes Elise Christie en Sofia Prosvirnova al foar de finale útskeakele wiene, rûn Schulting yn it klassemint asnôch út.
Klassemint froulju nei twadde EK-dei
1. Suzanne Schulting 42 punten
2. Natalia Maliszewska 34 punten
3. Elise Christie 21 punten / Martina Valcepina 21 punten
Schulting falt op de 500 meter yn Dordrecht

Itzhak de Laat

By de manlju ride Itzhak de Laat de B-finale. Dêryn einige de Ljouwerter as tredde. Dat smyt him noch twa punten op foar it algemien klassemint. Daan Breeuwsma waard earder útskeakele en helle de finales net.