Sven Kramer wint 5.000 meter op EK allround yn Collalbo

Sven Kramer hat by it EK allround yn Collalbo foar it earst dit seizoen in race op de 5.000 meter wûn. De trijefâldich olympysk kampioen op dizze ôfstân ried op de Italiaanske baan in tiid fan 6.17.66. Dêrmei wie er krekt rapper as syn teamgenoat en konkurrint Patrick Roest, dy't de twadde tiid delsette mei 6.18.21.
© ANP
Sverre Lunde Pedersen út Noarwegen einige op it tredde plak mei in tiid fan 6.20.59. Yn it algemien klassemint nei twa ôfstannen naam Roest de lieding, mei in lytse foarsprong op Sven Kramer.

Klassemint

It ferskil tusken de twa titelkandidaten foar de 1.500 meter op snein is 0,13 sekonde. Pedersen moat 0,2 sekonden goedmeitsje op de Nederlânske koprinner.