Treinen ride wer tusken Ljouwert en Hurdegaryp nei oerenlange reparaasjewurksumheden

12 jan 2019 - 16:51

It spoar tusken Ljouwert en Hurdegaryp is wer frijjûn. Dat meldt ferfierder Arriva. It trajekt wie de hiele dei net beskikber fanwege in oanriding tusken in trein en in frachtauto. Dêr rekken seis minsken by ferwûne.

Foto: ProRail

Op it terrein fan Friesland Campina botste freedtejûn in trein fan Arriva tsjin in frachtauto oan. Dat soarge foar in grutte ravaazje op it spoar. De hiele dei ha minsken fan ProRail dwaande west om it spoar te herstellen en de oerwei-ynstallaasje te ferfangen.

It is noch net dúdlik hoe't de oanriding ûntstean koe.

(advertinsje)