Berging seekonteners yn elts gefal oant moandei útsteld fanwege hurde wyn en hege golven

De berging fan de seekonteners dy't oerboard sloegen yn de Noardsee, is útsteld. Yn elts gefal oant moandei. Dat meldt Rykswettersteat. Oan board fan it bergingsskip is bepaald dat it net feilich genôch is.
© ANP
De waarsomstannichheden litte in berging net ta. De golven binne te heech, en it waait te hurd. Snein kin der ek noch net wurke wurde. Wannear't de berging wol begjinne kin, hinget fan it waar ôf. Op syn betiidst wurdt it moandei opnij besocht.
Der lizze noch mear as 250 konteners op see. Guon dêrfan lizze sa djip dat it dreech is om by te kommen. Foarige wike foelen hast 300 konterers fan it frachtskip MSC Zoe ôf, boppe de Waadeilannen.
De hiele bergingsoperaasje sil nei alle gedachten moannen duorje. Fan tsientallen konteners is de lokaasje noch net bekend. Definsje helpt mei om se te sykjen.