Amateurfuotbal: Harkemase Boys rom ûnderút tsjin HSV Hoek, ek ONS Snits ferliest

Fuotbalklup Harkemase Boys is de twadde seizoenshelte yn de tredde difyzje sneon begûn mei in nederlaach. Yn Seelân ferlearen de Harkiten mei 4-0 fan HSV Hoek. Ek ONS Snits ferlear sneontemiddei. De ploech gie thús ûnderút tsjin Quick Boys: 0-2.
© OrangePictures
Yn de trettjinde minút kaam de thúsploech op foarsprong nei in doelpunt fan Rik Impens. Inkelde minuten letter ferdûbele HSV Hoek de skoare. Gert Jan van Leiden krige de goal tawiisd, nei't in frije traap fan rjochting feroare waard.
Yn de twadde helte makke Harkemase Boys hast de oanslutingstreffer, mar de traap fan Boutzamar einige op 'e peal. Yn de 62ste en de 77ste minút besleat Kyle Doesburg it duel yn it foardiel fan Hoek: einstân 4-0.

DOVO

Takom wike sneon spilet de ploech út De Harkema tsjin DOVO.