Definsje siket mei nei fermiste konteners op de Noardsee

12 jan 2019 - 16:13

Definsje helpt mei om te sykjen nei konteners dy't noch net fûn binne. Dat meldt de Fryske Feilichheidsregio. Fan tsientallen konteners is de lokaasje noch net bekend.

Soldaten op it strân fan Skiermûntseach - Foto: ANP

De MSC Zoe ferlear foarige wike 291 konteners op see boppe de Waadeilannen. Dêrfan binne der achttjin oanspield, en sân binne burgen. Dat meldt Rykswettersteat. Der moatte dus noch 266 konteners op see wêze.

Mei sonar binne 220 objekten oantroffen. Neffens Rykswettersteat kin it sa wêze dat twa objekten mei mekoar ien kontener foarmje.

Hûnderten frijwilligers

De Fryske Waadgemeenten organisearje dit wykein gjin sintrale aksjes om it guod op te romjen dat oanspield is. Der binne hjir en dêr wol lokale inisjativen.

Oprommers op de seedyk - Foto: ProNews

Yn Grinslân ha mear as hûndert frijwilligers de seedyk by del west om rommel op te krijen. Guod dat noch op see leit, op de Ofslútdyk, of yn de kwelders, wurdt opromme troch profesjonele bedriuwen.

Trefwurden: 
definsje MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)