Shorttracker Breeuwsma twadde yn B-finale 1500 meter

Daan Breeuwsma is der krekt net yn slagge om de B-finale fan de 1500 meter op it EK shorttrack te winnen. De Akkrumer hie in prachtige ynhelaksje yn de fuotten, mar kaam op de finishline krekt tekoart om de B-finale te winnen. De Rus Pavel Sitnikov wûn.
Daan Breeuwsma © www.orange-pictures.nl
De lotting hie Breeuwsma yn de heale finale oan de bruorren Liu keppele. Dat binne de titelfavoriten foar dit Europeesk kampioenskip. Breeuwsma koe se net ferslaan en moast dêrom de B-finale ride. Dêryn waard hy dus krekt twadde.
Itzhak de Laat gie ûnderút yn de heale finale en neffens de sjuery makke hy in flater. Dêrfoar krige hy in straf, en dêrom mocht de Ljouwerter gjin finale ride.