Boalserters sjogge mei archeologen nei de skiednis fan de stêd

12 jan 2019 - 16:00

De graafwurksumheden yn Boalsert rinne hast nei de ein en dêrom meie dizze sneon alle belangstellenden in kear meisjen mei de archeologen. Al moannen wurdt groeven foar de fundearring fan it nije Histoarysk Sintrum Westergo. Der is troch de opgravingen al útfûn dat Boalsert mear as tûzen jier bewenne is en der binne sulveren munten fûn.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Foar guon Boalserters is it bysûnder om sa fier werom te sjen yn de skiednis fan har stêd. Sa is der noch in stik te sjen fan de âlde grifformearde tsjerke fan begjin 20ste iuw, mar ek fan in haventsje dat sa'n 500 jier âld is.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De graafwurksumheden binne no yn de lêste faze. Nije wike wurdt alles stadichoan ôfboud. Dêrnei wurdt begûn mei de bou fan it Histoarysk Sintrum Westergo.

Trefwurden: 
Boalsert archeology opgraving
(Advertinsje)
(Advertinsje)