Goud foar Suzanne Schulting op 1500 meter EK shorttrack

12 jan 2019 - 15:35

Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneon yn Dordrecht in gouden medalje pakt op de 1500 meter fan it EK shorttrack. It is de earste Europeeske titel foar de 21-jierrige Schulting. De Britske Elise Christie waard twadde. It brûns giet nei de Russyske Sofia Prosvirnova. Krekt wat earder wûn Schulting al har heale finale sûnder problemen.

Schulting wie geduldich yn de finale en naam twa rûntsjes foar de ein de lieding. Dy stie se net mear ôf. De Friezinne droech har titel op oan Sjinkie Knegt, dy't mei brânwûnen yn it sikehûs yn Grins leit.

It radioferslach fan de gouden finale fan Suzanne Schulting op de 1500 meter

Troch ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber
Suzanne Schulting pakt goud op de 1500 meter op it EK - Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)