Antoinette de Jong: "Ik dreamde derfan doe't ik lyts wie"

Antoinette de Jong fan Rottum stie sneontemiddei laitsjend op it poadium yn it Italiaanske Collalbo. Sy waard huldige foar har Europeeske titel allround. "Ik haw hjir in hiel skoft nei ta wurke", seit De Jong.
Ynterview mei Antoinette de Jong
"Ik dreamde derfan doe't ik lyts wie", neffens De Jong. "No it my slagge is, wurd ik der emosjoneel fan. Gewoanwei gûlt myn mem altyd as earste, mar no bin ik it. It sil wol yn de genen sitte."

"Dit EK wie oars"

De Jong wûn de earste trije ôfstannen op de Italiaanske bûtenbaan, wêrtroch't se mei in feilich ferskil oan de ôfslutende 5.000 meter begjinne koe.
"Doch wie ik hiel senuwêftich. Dit EK wie foar my sa oars as yn de oare jierren. Gewoanwei bin ik op jacht nei de hegere rydsters, mar no waard der fan it begjin ôf op my jage. Ik koe it nei de finish net leauwe! Ik sil yn elts gefal mei in geweldich gefoel nei hûs."
Antoinette de Jong is de fjirde Nederlânske frou mei goud op it EK allround