Hea! Noch ien kear sjen yn it Ald Slot yn Wergea

It âld slot fan Wergea sil nei 30 jier ticht
Dolf en Trijntje Dijkstra fan Wergea binne de behearders fan it Ald Slot yn Wergea. Fan in âld foarhûs en in hokje, dat mar krekt bewenne wurde koe, ha se tegearre in prachtich monumintaal gebou makke. Mear as 30 jier hat it Ald Slot iepen west as museum, mar de Dijkstra's binne beide 83 jier en it is no wol genôch. De doarren binne al ticht, mar Hea! krijt noch ien kear in rûnlieding.