Antoinette de Jong is Europeesk kampioen allround

12 jan 2019 - 13:45

Antoinette de Jong is sneon yn Collalbo foar it earst Europeesk kampioene allround wurden. De 23-jierrige rydster wûn op de Italiaanske bûtenbaan trije ôfstannen en einige op de ôfslutende 5.000 meter as twadde. Dat wie genôch foar har earste gouden medalje.

Antoinette de Jong kampioen

It is boppedat foar it earst sûnt 2007 dat de Europeeske titel net nei Ireen Wüst of Martina Sáblíková gie. De twa konkurrintes fan De Jong, beiden goed foar fiif kear goud op de EK allround, einigen no as fjirde en twadde.

Huldiging Antoinette de Jong

Ynterview mei Antoinette de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)