Bergjen konteners kin lang om let begjinne, as it waar net te rûch is

12 jan 2019 - 12:44

De berging fan de konteners dy't al twa wiken lang op de boaiem fan de Noardsee lizze begjint sneon lang om let. Troch in swiere stoarm binne de konteners fan it frachtskip MSC Zoe ôffallen. De berging soe al earder begjinne, mar der ûntstie fertraging.

Foto: André Borsch

As earste binne de bergingsskippen nei de Eemsgeul ta fearn. Dêr leit ek in kontener op de boaiem, yn it paad fan it skipfeartferkear.

Rûch waar

"Het schip is nu ter plaatse en bezig om voorbereiding te treffen om met bergen te beginnen," fertelt Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. "We hopen dat het lukt in verband met het weer. Het zijn zware omstandigheden met windkracht 7 of 8. Veiligheid gaat voor, als de golven te hoog staan, moeten ze staken."

It bergingsskip moat de kontener bergje dy't yn de Eemsgeul leit. "Hij ligt middenin de geul en is een gevaar voor de scheepvaart."

Ferskowe

Mooglik skowe de konteners troch it waar. "Containers die op de bodem liggen, liggen daar redelijk vast, al kan de stroming mogelijk voor verplaatsing zorgen. Ze moeten goed kijken waar de container ligt en hoe die erbij ligt. Het bergen is niet zomaar klaar."

Ek oare konteners lizze op in farrûte, mar dêr binne de geulen djipper. Al mei al sil it bergjen noch moannen duorje.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)