Arriva oer Ljouwerter treinûngelok: "De schrik zat er goed in"

12 jan 2019 - 12:26

Der is noch altyd gjin treinferkear mooglik dizze sneon tusken Ljouwert en Hurdegaryp. In oanriding soarge freedtejûn foar in grutte ravaazje op it spoar. By it fabryk fan FrieslandCampina yn Ljouwert kaam in trein yn botsing mei in frachtauto. Seis minsken rekken lichtferwûne.

"ProRail is nog steeds aan het bergen, dus er rijden geen treinen nog tussen Leeuwarden en Hurdegaryp. Arriva zet bussen in", leit Joyce de Vries fan Arriva út. "De prognose van ProRail is dat ze 16.30 uur klaar zijn. Als het spoor vrij is, kunnen wij de dienstregeling weer opstarten."

Masinist

Se wit net hoe't it mei de passazjier-slachtoffers is, de masinist makket it goed. "Hij is professioneel opgevangen. Als je de foto's van het ongeluk ziet, was de cabine van de trein flink beschadigd. Dat is heftig, de schrik zat er goed in."

Joyce de Vries fan Arriva

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Passazjiers

Yn de trein sieten tsientallen passazjiers. "Het precieze aantal weten we niet, omdat de meesten na het ongeluk hun eigen weg hebben gevonden. Ze zijn uitgestapt en teruggelopen naar het station, zo begreep ik van de politie. Mochten mensen nog behoefte hebben aan contact of Slachtofferhulp kunnen ze bellen met 0900 0101."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Oarsaak

Oer de oarsaak fan de botsing kin se noch neat sizze. "Dat is nog in onderzoek."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok trein
(advertinsje)
(advertinsje)