Is der plak foar de bever yn Fryslân?

12 jan 2019 - 12:02

Fan twa bevers is bekend dat se op it stuit tahâlde yn Fryslân. Ien oan de noardlike Iselmarkust en ien by de Tsjûkemar. Benammen by de Tsjûkemar binne de omstannichheden foar de bever ideaal.

Harrie Bosma - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De sûchdierewurkgroep Fryslân sjocht graach dat de bevers hjir partners fine en har definityf yn ús provinsje fêstigje. Oaren binne krekt bliid dat it tal bevers hjir beheind is; sy binne benaud dat bevers skea oanrjochtsje sille oan kaden en wâlen.

Neffens Harrie Bosma fan de sûchdierewurkgroep Fryslân is dat risiko der yn Fryslân eins net fanwege it wetterpeil. "Boppedat yn Grinslân siite wol 140 bevers en dêr wurdt ek gjin skea meld."

Harrie Bosma

Yn it programma Buro de Vries is sneintemoarn (11.00- 13.00 oere) mear te hearren oer de bever.

(advertinsje)
(advertinsje)