Antoinette de Jong wint ek tredde ôfstân op it EK

12 jan 2019 - 11:54

Antoinette de Jong rydt har bêste EK oant no ta. Nei de winst op freed op de 500 meter en de 3 kilometer pakte se op de twadde dei mei oermacht de winst op de 1.500 meter.

Foto: ANP

Yn de lêste rit ried De Jong mei 1.57.03 hast in sekonde flugger as Lollobrigida (1.57.99) en mear as in sekonde flugger as Sáblíková (1.58.07).

Op de ôfslutende 5 kilometer hat De Jong 12,25 sekonden foarsprong op Lollobrigida en mear as 21 tellen op Sáblíková en Wüst.

Folgje alles oer it riden, en ek it shorttrack, op ús liveblog.

(advertinsje)
(advertinsje)