LIVEBLOG: Shorttrack, allround en sprint yn trije EK's
Yn it Italiaanske Collalbo folgje we it EK allround en it EK sprint fan it reedriden op de langebaan, yn Dordrecht binne we by it EK shorttrack. Yn alle kategoryen sjogge we hoe't de Fryske dielnimmers prestearje op dizze ferskate Europeeske poadia.
Mei de lêste wedstriden fan de relay is dizze EK-dei oan de ein kaam. Snein giet it EK allround en sprint fierder fan 12.30 oere ôf. De slotdei fan it EK shorttrack set útein om 14.45 oere. Alles is dan ek wer te folgjen fia it liveblog fan Omrop Fryslân. Graach oant moarn!
Ja! Ek de Nederlânske manlju geane nei de A-finale. Se wurde twadde yn harren heale finale en dêrtroch meie se snein yn de finale stride om de Europeeske titel. In moai ein fan de shorttrackdei!
De manljusploech sette útein en ride efkes op it tredde plak, mar mei tank oan in goeie ynhelaksje fan Daan Breeuwsma rydt Nederlân no wer op it earste plak. De konkurrinsje komt benammen fan Hongarije.
De Nederlânske froulju rêde it op! Se winne harren heale finale en dêrmei is pleatsing foar de A-finale fan snein in feit. De ploech, mei Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries, wiene te rap foar de konkurrinsje. Snein oan de ein fan de dei is de finale fan de relay. Aansen komt de manljusploech noch yn aksje.
Op de relay ride de Nederlânske froulju lang oan kop. Der is boppedat in grut gat mei de nûmers trije en fjouwer, dus liket pleatsing foar de A-finale fan snein gjin probleem te wêzen.
Dizze shorttrackdei sit der hast op. We einigje aansen mei de heale finales fan de relay. De Nederlânske froulju ride aansen mei de ferwachte nammen, nammentlik Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof, Lara van Ruijven en Rianne de Vries. Tineke den Dulk is reserve. De froulju ride tsjin Frankryk, Dútslân en Tsjechië. De Nederlânske manlju ride mei deselde shorttrackers as juster, dus dat betsjut dat de ploech wer folslein út Friezen bestiet. Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Jasper Brunsmann en Dennis Visser nimme it yn harren heale finale op tsjin Hongarije, Letlân en Turkije.
Wat de yndifiduele ofstânnen oanbelanget sit dizze twadde dei fan it Europeesk kampioenskip der op. En dus kinne we de balâns opmeitsje! Suzanne Schulting giet nei har winst op de 1500 meter en har fjirde plak op de 500 meter oan de lieding. Snein steane de 1000 meter en de superfinale (3000 meter) noch op it programma.
Klassemint froulju nei twadde EK-dei
1. Suzanne Schulting 42 punten
2. Natalia Maliszewska 34 punten
3. Elise Christie 21 punten
Martina Valcepina 21 punten
Yn de B-finale fan de 500 meter by de manlju einiget Itzhak de Laat as tredde. Dêrtroch pakt hy foar it einklassemint ien puntsje. De Belch Stijn Desmet en de Rus Semen Elistratov waarden earste en twadde yn de B-finale.
Fjirde! Suzanne Schulting giet ûnderút yn de finale fan de 500 meter. Har redens reitsje dy fan Lara van Ruijven en dêrtroch giet Schulting de kessens yn. De ôfstân wurdt wûn troch de Poalske Natalia Maliszewska. De Italiaanske Martina Valcepina einiget as twadde en Van Ruijven wurdt tredde.