Swarte reek by brân yn Ljouwerter autobedriuw

12 jan 2019 - 10:08

By in autobedriuw yn Ljouwert is sneontemoarn brân útbrutsen. Der komt swarte reek by frij. De brânwacht is mei meardere weinen útriden nei it bedriuw oan de Ouddeelstraat. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne. Oer de oarsaak fan de brân is ek noch neat bekend.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht wie mei twa blusweinen en in heechwurker útriden. Brânwachtminsken binne de loads yngongen om it fjoer út te meitsjen. Dat is flot slagge.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)