Sjinkie Knegt mooglik oait wer werom op topnivo

12 jan 2019 - 09:36

It soe mooglik wêze dat shorttracker Sjinkie Knegt oait weromkomt op topnivo, ek al is er earder dizze wike slim ferbaarnd. Dat seit direkteur Paul van Zuijlen fan it brânwûnesintrum yn Beverwijk.

Foto: OrangePictures

Sjinkie Knegt rekke tongersdei slim ferwûne doe't syn klean yn de brân fleagen by it oanstekken fan in houtkachel. Op it EK shorttrack yn Dordrecht is it nijs ynslein as in bom.

Van Zuijlen kin gjin útspraken dwaan oer de konkrete ferwûnings fan Knegt, mar hy kin op basis fan syn ûnderfining as sjirurch wol sizze dat der by twadde- en treddegraads brânwûnen faak in lange refalidaasje nedich is. Dat in topsporter dêrnei wer op it heechste nivo weromkomt, is net út te sluten, seit er.

"Tik voor een lichaam"

"Een forse brandwond is natuurlijk een tik voor een lichaam", seit Van Zuijlen by de NOS. "Maar ik heb veel mensen erbovenop zien komen. We hebben fanatieke skiërs gehad die hun voet verbrand hadden. Die konden daarna weer skiën. Je moet het altijd per persoon bekijken."

"We krijgen ook mensen binnen die voor tachtig procent verbrand zijn. Die mensen zijn al blij als ze überhaupt weer goed kunnen lopen. Maar als je plaatselijk verbrand bent, hoeft dat je niet meteen te beperken. Topsporters vragen het uiterste van hun lichaam, dus die zullen er wel eerder gevolgen van ondervinden."

"Littekens kunnen voor chronische problemen zorgen"

"Het is afhankelijk van hoe littekens zich ontwikkelen. Het heeft wel gevolgen. Tijdens de herstelperiode kan iemand niet trainen, de huid moet genezen en dat kost energie. Littekens kunnen een beperking vormen, maar of ze van invloed zijn op het sporten is de vraag. Het is reëel dat ze voor een chronisch probleem zorgen."

(advertinsje)