Maarten van der Weijden docht dochs Dokkum noch oan

12 jan 2019 - 09:13

It slagge him ôfrûne simmer net, mar sneontejûn is langeôfstânsswimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden dochs echt yn Dokkum. Net om te swimmen, mar it hat der wol alles mei te krijen.

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

"Elke keer als ik Friesland binnenkom, voelt dat bijna als thuiskomen, ook al kom ik er niet vandaan. Het was bijzonder en fijn, die zwemelfstedentocht, die herinnering zal ik nooit vergeten", fertelt Maarten van der Weijden.

Yn syn tëatertoer fertelt er oer syn swimalvestêdetocht dêr't er mear as fiif miljoen foar KWF Kankerbestrijding mei ophelle.

De toernee begjint yn Dokkum. "Ik moest acht kilometer voor Dokkum opgeven, dus dit leek me een mooie plek om te beginnen. Na mijn tocht kon ik drie dagen bijna niet praten, maar nu kan ik zeggen wat ik vond en wat ik zag. Ik vertel mijn ervaring en gedachten. Ik was tijdens het zwemmen intern gericht, maar heb wel veel gezien."

Alle 400 stuollen binne útferkocht. "Dat vind ik fijn. Er was zoveel vraag naar dat we gisteren al een pre try-out hebben gehad in Dokkum. Het was een prettige avond."

Neist him op it poadium stiet in band en der binne filmfragminten te sjen. "Die band maakt de mooie momenten mooier en de pijnlijke momenten pijnlijker."

Maarten van der Weijden oer syn teätertoer

De toernee giet alle alve Fryske stêden del.

(advertinsje)