Treinferkear Ljouwert-Hurdegaryp noch dei plat nei ûngelok mei frachtwein

12 jan 2019 - 08:43

Tusken Ljouwert en Hurdegaryp is dizze sneon oant let yn de middei gjin treinferkear mooglik. In trein kaam freedtejûn yn Ljouwert, op it terrein fan FrieslandCampina, yn botsing mei in frachtauto. Seis minsken rekken ferwûne.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Boargemaster Ferd Crone wie gau op it plak fan it ûngelok. Hy wie bliid dat der benammen materiële skea wie. "Gelukkig valt de verwondingen bij de mensen mee, maar je hebt wel de schrik in de benen."

Boargemaster Crone oer it ûngelok

It wie in grutte gaos op it spoar. Minsken fan ProRail ha oant sneontemoarn betiid dwaande west om it spoar wer frij te meitsjen.

"De trein was deels ontspoord en is opgetakeld, weer op het spoor gezet en weggesleept", fertelt Andy Wiemer fan ProRail.

"De schade is groot, zowel aan de trein als aan het spoor. Ook de overweginstallatie is voor de helft weggevaagd. Het herstel duurt zeker tot eind van de middag, maar misschien langer. Onder het spoor liggen veel kabels, die moeten we ook nog checken."

Oer de oarsaak kin er noch neat sizze. "We weten wel dat de overweginstallatie heeft gewerkt. De treinmachinist en vrachtwagenchauffeur zijn verhoord door de politie."

Reizgers kinne op ns.nl ynformaasje fine oer har reis en oer it herstel jout ProRail ynformaasje.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok trein ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)