Kollum: "Goed en min nijs"

12 jan 2019 - 08:35

"De measte minsken ha in hekel oan min nijs. Aaklige berjochten wurde gauris oerslein en allinnich de echte trochbiters wrakselje harren troch opiny- en oare stikken dêr't ien en oar oan de kaak steld wurd. De Nijseelânske band Crowded House harren grutste hit wie it moaie nûmer 'Don't dream it's over'.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Yn dy tekst stiet it hiel treffend:

In the paper today, tales of war and of waste

But you turn right over to the T.V. page

Dat is frij fertaald: Yn de krante fan hjoed steane ferhalen oer oarloch en ferspilling, mar do sjochst gau wat der jûn op de televyzje komt.

Prachtich en wier beskreaun. It jier is noch mar krekt begûn en de flymskerpe analyzes oer mieningen en stânpunten fleane al wer oer it wrâldwide web en de kranten spylje ek net min by. As kollumnist krij ik in soad reaksjes op wat ik skriuw. Mar witte jim op hokker kollums jim as harkers en lêzers de measte reaksjes jouwe? Op kollums mei goed nijs. Of oer kollums oer ús beide katten, dy't ferhûze binne. Of oer kollums dêr't je om laitsje kinne.

As ik in earnstich stik skriuw oer dat je as ZZP-er yn dit lân troch de belesting keal plôke wurde, komt der hast gjin respons op. Wylst it wol wier is. Mar beskriuw ik de tocht dy't ik fan Boarnburgum nei It Feen makke ha mei ús reade boarre Igor op de byridersstoel, dan krij ik allegearre reaksjes.

Is dat dan in reden om allinnich mar fleurige en hilaryske kollums te skriuwen? Nee, fansels net. It hoecht net altyd earnstich, mar je kinne der soms net omhinne. Goed nijs is gjin nijs, sizze guon sjoernalisten. Dêr bin ik it net mei iens, want minsken ha ferlet fan goed nijs. Allinnich mar alle dagen de kranten en oare media fol kalkje mei nare berjochten hat as effekt dat minsken it net mear lêze, opnimme en registrearje.

Neffens my ien fan de redenen foar it weromrinnen fan de oplagen fan kranten. Minsken kieze sels harren nijs. En dan ha ik it net oer de lytse groep dy't alles folget, mar oer de grutte mearderheid dy't meastal net al te folle yn it nijs komt. Dy sitte jûns nei ien as oare soap te sjen, in programma oer boeren dy't in frou sykje, in sjongwedstriid of nei in kompetysje yn taarten bakke. Dy meitsje harren net sa drok oer de saken dêr't de kranten oer fulminearje, dy binne bliid dat se alle moannen de eintsjes oanelkoar knoopje kinne en tinke nei oer hokker fakânsje der foar harren dit jier yn sit.

As it meisit, sjogge se nei it sjoernaal fan acht oere, foar it oare hap snap nijs binne der de bekende platte programma's. En in minske is ek nochris in gewoantebist. De yn guon rûntsjes sa ferflokte publike omroppen binne noch altyd swier favoryt by it gros fan de minsken.

Allegearre faktoaren dêr't je as kollumnist rekken mei hâlde moatte? Welnee. Lekker skriuwe wat je wolle. Dat is it moaie oan kollumnist wêze meie. No sil ik Igor en Swartsje wat brokjes bringe. Goed wykein."

(Advertinsje)
(Advertinsje)