Gedicht: 'Westminster bridge' fan de Dichter fan Fryslân

Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij gedicht makke: 'Westminster bridge'. It giet oer de Brexit. Lês it fers hjirûnder.
WESTMINSTER BRIDGE

Mei in reade siamees op it skouder
stapt in man allinnich oer Westminster Bridge,
harket ûnder de klokslach fan 'e Big Ben
nei it folk dat himsels in kiel opset en
as yn in stadionfek fol hooligans
de stêd traktearret op in fier oer de rivier
dragend Europe, Europe, bá-bá-bye.

Dit is it eilân dat himsels weromlûkt
op syn eigen eilân, tinkt de man dy't
yn de Poalske pub op syn byldskerm sjucht
hoe't yn de nacht fan de bline fjochtskieding
in Ukip-hear mei stiff upperlip en
langrutsen earm knap parmantich
in boksbûgel ûnder de rokken fan Europa batst.

Der wurdt praat oer huzenhege muorren
en bikkelhurde grinzen as wiene it
hard bodies, Britain rules the waves,
dat stek lek de boat fan wa't hjir net heart,
bromt Joe Blow dy't sûnder wurk oan de taap
syn whiskys docht, of wurdt it dan noait,
noait wer wat mei dat âld' keninkryk fan ús?

En it wie yn myn dream dat in seppelin
heech oer Dover dreau, seit de man
mei de siamees op 't skouder, iepen sprong
it lûk, tefoarskyn skeat in krúsraket,
mei foarop, wyld swaaiend, in âljende
bolhoed: O, come on baby, light my fire,
en lit it godgânske Kontinint trilje.

In man stapt allinnich oer Westminster Bridge,
lêst by in lûd miau de graffity dy't
Brexit-Brexit blaft, en heart hoe't op Waterloo
de ûnderwrâld syn kettingen rammelet.
Yn de kiosken kleurje de kalinders
foar it nije jier, en ûnderwilens lûkt in eilân
himsels werom op syn eigen eilân.
Foar twa jier is Eeltsje Hettinga (1955) beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. Hy is yn 2018 begûn.
De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier. Hy treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema's te fangen yn poëzij.