Omrop TIP: hokker hynst bemachtiget de titel op de hynstekeuring 2019?

It swarte goud fan Fryslân falt hast net te missen dizze dagen. Op it jierlikse evenemint Faderpaard fynt hjoed, sneon 12 jannewaris, de hynstekeuring plak. Minsken komme fan oer de hiele wrâld om de Fryske hynders te bewûnderjen. Omrop Fryslân is dêrby en stjoert alles fan 8.30 oere ôf út.

Yn it WTC yn Ljouwert wurdt striden om de kampioenstitels foar de bêste stamboekhynsten. Der binne meardere kampioenstitels, ferdield oer de âldere en jongere hynsten. Dêrneist wurdt ien hynst de algemiene kampioen fan de hynstekeuring 2019.
It kommentaar wurdt jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Foar 'bûtenlânske' sjoggers is de útstjoering te folgjen mei Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk kommentaar. De hynstekeuring is ek de hiele dei te folgjen op telefyzje oant 18.00 oere. Sjoggers kinne reagearje fia de Omrop-app.
© Omrop Fryslân
Sneon 12 jannewaris fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale fan de hynstekeuring wurdt op snein 13 jannewaris om 13.00 oere werhelle op telefyzje. Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op: Omropfryslan.nl/faderpaard.