"Wy ha hjir ien doel: knalle foar Sjinkie"

It wie in frjemde dei foar de shorttrackers op it EK. It nijs fan de brânwûnen fan Sjinkie Knegt sloech yn as in bom, mar tagelyk moast de fokus op it iis goed wêze. "Hy sjocht mei, ik bin hiel bliid dat er dat kin", seit Daan Breeuwsma, in goede freon fan Knegt. "Hy wol neat misse. Sa kinne we him miskien ek wat moais jaan dizze dagen."
Daan Breeuwsma © www.orange-pictures.nl
Daan Breeuwsma
"Foar elkenien wie it nijs hiel swier, want we binne in hechte ploech. En ik bin fan myn tsiende ôf al hiel close mei Sjinkie." Ien ding wie Breeuwsma wol bliid om: "Dat syn soantsje Melle neat hie. Dat it mei him goed is, is al in hiele opluchting. No hoopje dat Sjinkie wat herstelle kin. Wy ha hjir ien doel: knalle foar Sjinkie."
Dêr binne de Fryske shorttrackers goed mei begûn, want allegear binne se troch nei de folgjende ronden. "We steane der goed foar", sei Breeuwsma, dy't him goed fielt. "Ik sit ticht tsjin de topfoarm oan. Sneon sjogge we wat dat echt wurdich is, want dit wiene úteinlik maar de foarronden. Ik fiel my fit en sterk."
Ik ken Sjinkie goed: stoere keardel, mar hy hat ek mar in lyts hertsje.
Daan Breeuwsma
Op de earste dei fan it EK, freed, ha Breeuwsma en Knegt gjin kontakt hân. "Juster wol even, mar hjoed net, want ik wol fokust wêze. Fenna lies juster wat berjochten foar oan Sjinkie. Hy wie hiel emosjoneel. Ik ken Sjinkie goed: stoere keardel, mar hy hat ek mar in lyts hertsje. Hy baalt flink. Ik kin no net by him wêze, mar it iennige wat ik dwaan kin, is folle bak ride en alles jaan."
Daan Breeuwsma
Jasper Brunsmann makke syn debút op it EK shorttrack. Dat die er op de ploege-efterfolging. "Het was spannend, absoluut. Met een vol stadion voel je de druk wel", sei de Twellingeaster. Hy hie noch in moaie ynhelaksje. "Dan hoor je het publiek schreeuwen. Dat geeft natuurlijk ook een boost. Echt prachtig, echt heel mooi."
Jasper Brunsmann
Oft Brunsmann ek yn de heale finale ride mei, is noch net wis. "Dat is altijd de vraag. We horen pas twintig minuten voor de start wie er rijdt. Ik heb laten zien wat ik kon. Dat was wel goed, maar je weet het nooit."
Tineke den Dulk
In oare debutant wie Tineke den Dulk. Sy ried ek op de ploege-efterfolging. "Het was geweldig, helemaal omdat het in eigen land is. Zo'n mooi evenement, het is gewoon supercool", sei se.
Bûnscoach Jeroen Otter hie oanjûn dat er graach elkenien ride litte woe. "Dus ik wist dat er in ieder geval een grote kans zou zijn." Se fûn it wol spannend. "Maar op zich ging het goed. Ik reed stabiel en kwam er mooi in, volgens mij. Voor een eerste race ben ik er wel tevreden over. Je merkt dat het niveau zoveel hoger is. Dit smaakt eigenlijk alleen maar naar meer."
Suzanne Schulting
Suzanne Schulting, de topfavorite by de froulju, woe har benammen ôfslute fan it nijs mei Sjinkie Knegt. "Maar met wat er gisteren is gebeurd, maakt het toch net iets anders."
Oer har earste EK-dei wie se wol tefreden. "Het is goed gegaan vandaag, dat kun je zien aan de resultaten. In je achterhoofd denk je echt wel aan Sjinkie, maar je moet ook door. Sjinkie had niets liever gewild."