Drachtster Boys troch winst op Avanti nei heale finale sealfuotbalbeker

11 jan 2019 - 22:01

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn Stiens de heale finale fan de lanlike KNVB beker berikt. Tsjin it thússpyljende Avanti waard mei 6-0 wûn.

Jessie Prijs (l) en Tessa Grashuis (r) - Foto: www.dijksfotografie.nl

Al betiid yn de 'Fryske derby' kaam Drachtster Boys op foarsprong. Jessie Prijs skeat de bal út de draai troch de fuotten fan keepster Marieke Smit fan Avanti. Foar rêst wreiden de Drachtsters de skoare noch út ta 0-3. Aruni Westerhout-Slagter trôf it doel út in frije traap; Aafke de Hoek knalde fia de keepster binnen.

Yn de twadde helte makke Tjitske Anouk Sikma it fjirde doelpunt foar de froulju fan Drachtster Boys. Ut de folgjende oanfal glied Anita Vellema de bal kreas binnen: 0-5. In eigen doelpunt fan it toskleaze Avanti betsjutte sels noch it sechde doelpunt fan de wedstriid.

(advertinsje)