Skippen dy't konteners bergje moatte, binne ûnderweis

11 jan 2019 - 21:36

In saneamd 'surveyskip' en it bergingsskip Atlantic Tonjer binne freedtejûn om njoggen oere nei de Eemsgeul gien om te begjinnen mei de bergingsoperaasje fan de konteners. As it waar goed bliuwt, wurde de earste konteners burgen. De ôfrûne dagen siet it waar faak tsjin, wêrtroch't de berging fertraging oprûn hat.

De Atlantic Tonjer kaam tongersdei oan yn IJmuiden. Dêr ha se der in grutte kraan op set en oare apparatuer, dy't helpe moat by it bergjen.

De ferwachting is dat sneontemoarn in oar bergingsskip, de Geosund, oankomt yn IJmuiden. Dan wurdt ek dat skip taret op de bergingswurksumheden.

Minne omstannichheden op see

Definsje is ek mei skippen yn it gebiet. Dêrmei wurdt fan moandei ôf fierder socht nei konteners dy't noch net lokalisearre binne. De skippen fan Rykswettersteat binne foarearst opholden mei dat lokalisearjen, omdat de omstannichheden op see net goed binne.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)