Waadapp moat lokaasje fan oanspield plestik yn kaart bringe

11 jan 2019 - 21:32

Frijwilligers kinne fan freed ôf helpe mei it yn kaart bringen fan alle plestik kerrels dy't yn it Waadgebiet oanspield binne. Ekologen ûnder lieding fan de Ryksuniversiteit Grins hawwe in spesjale webapp lansearre, wêrmei't minsken ûnder mear oanjaan kinne wêr't it plestik krekt leit. It grutte kontenerskip MSC Zoe ferlear foarige wike 291 konteners op 'e Noardsee boppe it eilân Borkum.

Foto: Anton Kappers

Op www.waddenplastic.nl kin elkenien helpe mei it yn kaart bringen fan al it oanspielde plestik. De ûndersikers hoopje sa in goed romtlik byld te krijen fan wêr't de kerrels lizze en oft dat keppele is oan de floedline. Dizze ynformaasje kin bydrage oan it op poaten setten fan nije skjinmakaksjes.

Gefolgen foar fauna

Tjisse van der Heide fan de RUG makket him bot soargen oer de gefolgen fan de kontenerramp foar de fauna yn 'e Waadsee. "Het plastic en het piepschuim kan gegeten worden door dieren onder in de voedselketens: pieren, mosselen, dieren in de bodem. Deze dieren worden op hun beurt weer gegeten door grotere dieren, waaronder vogels en zoogdieren. Op de lange termijn hoopt het plastic zich steeds verder in de voedselketen op."

Tjisse van der Heide

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)